hiem side map kontakt

Wolkom op de thûsside fan Feanwâldsterwâl

Feanwâldsterwâl,

is in doarp dat foar in part yn de gemeente Dantumadiel leit en foar in part
yn Tytsjerksteradiel.

   " Feanwâlsterwâl " A little town in the northern part of the Netherlands



Feanwâldsterwâl

Neffens de skiednis wie it sa dat it doarp dat ek wol De Wâl neamd wurdt mei in tsjerke, in skipswerf, in kroech en alderhande oare bedriuwkes tal fan minsken oanlutsen dy’t harren der te wenjen setten. Sa waakste it doarp en koe it selsstannich wurde. Ast troch it doarp kuierst, yn eardere tiden ek wol diepswâl neamd, dan kin men merkbite dat de bewenners yn it generaal freonlik binne. Ynwenners dy’t der hikke en tein binne sille inoar altiten de tiid fan de dei sizze of efkes in praatsje oer de hage bygelyks. Ek tidens it doarpsfeest is it te merkbiten dat der in protte mienskipssin is om tegearre it doarp te fersieren.

Sa as oeral ferdwûn mei de komst fan de grutte winkels en mei de komst fan de auto in protte bedriuwkes út it doarp. It kafee hat it allegearre wol oerlibbe en libbet noch as in hert mei boatsjes yn de ferhier dy’t mei minsken troch it omlizzende natoergebiet farre. Ek de iisklub Eendracht is noch tige warber en organisearret tal fan aktiviteiten bygelyks de fakkeltoertocht en wedstriden foar leden. Bysûnder is dat de brassband Excelsior troch alle tiden hinne noch altiten warber is. Fierder is it fytspaad dat de Wâl mei de Trynwâlden ferbynt ek tige aktueel en it lûkt in protte minsken op de fyts oan dy’t sa it doarp trochkrúse. De foarrie wenningen bestiet allinnich út keaphûzen en dat docht it doarp wol goed. 

mei dank oant Rynk Bosma

Feanwâldsterwâl is gjin aparte mienskip, "mar De Wâl is oars"  ( Feije Hoekstra )

Navigatie
· hiem
· iisclub
· kafee
· fierljeppen
· de streek
· de wâl
· spoarbrêge
· doarpsfeest
· beropsfisker
· helling
· De Freia

Feanwâldsterwâl

Ijsclub Eendracht Feanwâldsterwâl Ledenvergadering  Vrijdag 4 Nov. 2011 om 19.45 in Cafe Dûke –Lûk meer..   


Feanwâldsterwâl kontakt webmaster Email
hiem · nijs · fytser · links · bûtenfjild · foto's · skidnis · bedriuwen · fideo · fryskegroun
Copyright 2008 -- Feanwâldsterwâl.nl